Topmanagers jouwe tips

© Omrop Fryslân
Twa topmanagers fan suvelgigant Friesland Food ha in ludyk boek skreaun oer liedingjaan. De manlju, Jos Hannen en Kees-Jan van Wees, ha it boek de titel 'Het geroosterde speenvarken en andere managementparabels' meijûn.
De manlju skriuwe dat in goeie grap by it personiel soms folle better hingjen bliuwt as tsien arguminten. Ek ha se parabels en oare ferhalen opskreaun dêr't managers wat oan ha kinne.