Soad ynteresse foar nije media

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Noard-East Fryslân ha in soad belangstelling foar de eksperiminten fan kabelbedriuw Kabel Noord yn Dokkum. It bedriuw is trije wike lyn begûn mei in projekt wêrby hûndert klanten de mooglikheid krije om programma's fan ynternet op de eigen tillevyzje te sjen.
Yn oktober wurdt it projekt evaluearre. Kabel Noord fynt it belangryk dat de regio yn de kunde komt mei de opsjes fan de nije media.