Ljouwerter swier mishannele

13 jun 2007 - 10:29

In 29-jierrige Ljouwerter is tiisdei yn syn hûs oan de Valeriusstrjitte slim mishannele. De plysje hat dêrfoar in 30-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Dy wie nei de wente fan it slachtoffer gien, dêr't de twa rûzje krigen. De fertochte stuts de bewenner mei in mes.

It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De fertochte koe by de wente oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)