Ynbrekkers op dak oanholden

13 jun 2007 - 10:21

Twa ynbrekkers ha har tiisdeitenacht ferskûle op it dak fan it gebou dêr't se binnenkommen wiene. De plysje koe se dêr dochs oanhâlde.

In 18-jierrige Drachtster en in 20-jierrige ynwenner fan Haarlem hiene ynbrutsen yn in gebou yn oanbou oan de Sportleane yn Drachten. Twa foarbygongers hearden dat en warskôgen de plysje. Dy fûnen de ynbrekkers op it dak fan it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)