Dit jier gjin Korbach-toernoai

24 mrt 2012 - 13:44

Der komt dizze simmer gjin Fritz Korbach-toernoai. Dat seit Hearrenfean-foarsitter Robert Veenstra. Neffens Veenstra past it toernoai net yn de tarieding fan it seizoen fan Hearrenfean. Mocht SC Hearrenfean Europeesk fuotbal helje, dan kin it wêze dat de klup heal july al oan de slach moat.

It toernoai moat in earbetoan wurde oan trainer Korbach, dy't augustus 2011 ferstoarn. Korbach hat trainer west by Hearrenfean, Cambuur en Harkemase Boys en it plan is om mei dizze trije klups in toernoai te spyljen op De Harkema.

Yn plak fan it toernoai sil Harkemase Boys op sportpark De Bosk in oefenwedstriid spylje tsjin Cambuur op sneon 7 july.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)