Soargen oer bou ferpleechhûs

© Omrop Fryslân
De soarchgroep Noorderbreedte makket him flinke soargen oer alle juridyske prosedueres dy't rinne tsjin de bou fan in ferpleechhûs yn Sint Anne. Dat gebou is al foar in grut part klear, mar 30 ûndernimmers binne derop tsjin om't it gebou op it plak fan 100 parkearplakken stiet en dy wolle de ûndernimmers net kwyt.
De Raad van State hat de boufergunning skorst. As de gemeente de bou stilleit, smyt dat hege kosten op.