Bysûnder luchtkastiel yn Hfean

Op It Hearrenfean is tiisdeitemiddei de Levity 2 iepene. Dat is in luchtkastiel; of luchtkatedraal, lykas de makkers sizze. It gefaarte is 1000 kante meter grut en makke troch de Ingelske ûntwerpersgroep Architects of Air. It kolleezje fan B&W hat it bysûndere bouwurk iepene.
Minsken moatte troch in luchtslûs om binnen te kommen. Sa wurdt de druk op peil hâlden. It luchtkastiel is oant en mei snein te besjen.