Posysje Liemburg bliuwt ûnwis

12 jun 2007 - 16:15

It kin noch wol in wike duorje foardat der helderheid komt oer de posysje fan boargemaster Liemburg fan Littenseradiel. Net earder as takom wike sil der oerlis wêze mei kommissaris Nijpels en de fraksjefoarsitters fan de PvdA en de VVD. Beiden binne op dit stuit mei fakânsje.

Nijpels hat noch wol belle mei PvdA-foarsitter Jan Waterlander. Dy is noch net fan miening feroare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)