Strân Amelân wurdt opspuite

12 jun 2007 - 16:09

Rykswettersteat is tiisdei begûn mei it fersterkjen fan de west- en noardkust fan It Amelân. Yn totaal wurdt de kust fersterke mei oardel miljoen kúb sân. Dat wurdt dien op in part fan it strân, mar ek in stik fierder de see yn.

De operaasje is nedich omdat de kust oars te folle ôfbrekt. It sân komt út in wingebiet sa'n 12 kilometer boppe it eilân. De operaasje kostet 8,3 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)