Bogtstra coach Hearrenfean

12 jun 2007 - 16:05

Tjerk Bogtstra wurdt mei yngong fan 1 augustus fan dit jier yndividueel coach by Sportklub Hearrenfean. Bogtstra is âld-tennisser en wie earder tenniskoach fan ûnder oare Jan Siemerink en it Nederlânske Davis Cup team. Hy sil spilers begeliede mei as doel dat de spilers ta maksimale prestaasjes komme.

Bogtstra sil nau gearwurkje mei de technyske stêf en it haad opliedingen fan sc Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)