Hynste-eveneminten wurkje gear

De nije feriening wol benammen it Fryske hynder mear yn de publisiteit bringe.
De seis grutste hynstesporteveneminten fan Fryslân slaan de hannen yn elkoar om yn de takomst mear publyk te lûken. Troch de oprjochting fan in mienskiplike feriening wolle de organisatoren fan it Konkours Hippique yn Bûtenpost, Dokkum, Warkum, Droegeham, Riis en Garyp de sport ynteressanter meitsje foar publyk en sponsors.
Earder bestie der in grutte kon-kurrinsje tusken de eveneminten.