Nije keunstoplieding fan NHL

© Omrop Fryslân
De Noordelijke Hogeschool Leeuwarden en de Hanzehogeschool Groningen begjinne mei in mienskiplike masteroplieding Interdisciplinaire Keunstedukaasje. It giet om in dieltiidoplieding fan twa jier wêryn't learen en wurkjen kombineard binne. De oplieding wurdt jûn yn Grins.
Studinten gean twa of trije middeis yn 'e wike nei skoalle en wurkje de rest fan de wike by in keunstynstelling.