Priis foar Dekema State

11 jun 2007 - 11:26

De Stichting Dekema State yn Jelsum hat de Masterpriis foar de kultuer yn Ljouwerteradiel wûn. De Masterpriis is in twajierlikse kultuerpriis fan de gemeente Ljouwerteradiel foar inisjativen dy't in bysûndere bydrage leverje oan de kultuer yn de gemeente.

De sjuery hat keazen foar Dekema State omdat sy ferskate kulturele aktiviteiten organisearje foar in breed publyk. De priis wurdt op 22 juny útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)