Elk mei strânûntheffing ha

11 jun 2007 - 10:19
  • it strân fan Amelân..

It belied op it Amelân dat allinnich eilânbewenners mei de auto op it strân ride meie, kin net troch de beugel. Dat hat de rjochter yn Ljouwert bepaald. Begjin dit jier hie it gemeentebestjoer fêststeld dat allinnich Amelanners in ûntheffing krije koenen. As argumint waarden saneamde "eilander gebruiken" brûkt.

De rjochter is it dêr net mei iens. De saak wie oanspand troch in Snitser, dy't ek mei syn auto it strân op wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)