Keamerfragen oer Vaatstra

VVD-Twadde Keamerlid Fred Teeven
VVD-Twadde Keamerlid Fred Teeven hat fragen steld oer de brief oer de moard op Marianne Vaatstra. De brief oan har âlders stie snein yn De Telegraaf. Dêryn wurdt melding makke fan in bûtenlânske searjemoardner. Hy soe yn it azc yn Kollum wenne ha en in pear dagen nei de moard oerpleatst wêze.
Teeven wol no witte wêrom't fan de man gjin dna-materiaal ôfnommen is. Justysje komt noch mei in reaksje op de brief.