Jorrit Bergsma 3e yn Moerdijk
Hurdfytser Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is snein tredde wurden yn de 'Ster van Moerdijk'. Yn dizze wedstriid yn de rige fan de beloftekompetysje oer 172 kilometer, wie Ruud Fransen fan Emmen de rapste yn de massasprint.
Op sa'n 100 meter foar de finish wie der in grutte falpartij, wêrby't ferskate ferwûnen foelen.