Auto rydt tsjin fangrail

10 jun 2007 - 16:12

In 65-jierige man út Jistrum is sneintejûn mei in slok op tsjin de fangrail riden op de Ryksstrjitwei by Hurdegaryp. De man is dêrnei fierderriden yn de rjochting fan Hurdegaryp, mar moast dêr wol stilhâlde fanwege de skea oan syn auto.

De man is troch de plysje oanholden foar it riden mei alkohol op en foar it trochriden nei in ûngemak. Hy krige ûnder oare in rydferbod fan 5 oeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)