Mishanneling yn Drachten

© Omrop Fryslân
Trije ynwenners fan Drachten binne sneintemoarn betiid troch de plysje oanhâlden yn de Noarderbuert foar de mishanneling en bedriging fan minsken op de Súdkade. It gong om twa jonges fan 18 en ien fan 19 jier.
De trije sloegen sûnder oanlieding twa jonges fan 18 jier út Drachten en bedrigen in 18-jierrige ynwenster fan Drachten. It trio is oerbrocht nei it buro en ynsletten.