Motorrider dea by ûngelok
In 27-jierrige motorrider út Grins is sneontejûn om it libben kaam op de Hegesylsterwei by Tsjummearum. De man helle yn in bocht in auto yn en ferlear dêrby de macht oer it stjoer.
De Grinzer kaam yn de bjirm en rekke dêrby in pear beammen. De helptsjinsten wie der gau by, mar de man ferstoar op it plak sels. De plysje stelt in ûndersyk yn.