'Byld W. Dijkstra moat skjin'

It byld fan Waling Dijkstra
It byld fan Waling Dykstra, tusken de Wissedwinger en it gymnasium yn Ljouwert, moat no gau skjinmakke wurde. Dat fynt de fraksje fan de FNP yn Ljouwert. De partij hat skriftlike fragen steld oan it kolleezje fan B&W.
Neffens de fraksje is it byld al tiden net skjinmakke en sjocht it der ferinnewearre út. De FNP neamt dat 'in skande foar de stêd'. Ek wol de partij witte wat it belied is fan Ljouwert by it skjinmeitsjen fan keunstwurken.