Single Hepie & Hepie yn Top100

09 jun 2007 - 13:47

De nije single fan Hepie & Hepie is freed op nûmer 95 yn de Top 100 telâne kommen. It Fryske sjongduo brocht it twatalige nûmer Us Doarp / Ons Dorp fiif wiken lyn út.

Yn febrewaris waard bekend dat de nichten Hepie_Hiemstra en Hepie_Postma nei 18 jier wer by elkoar komme. Oer fjouwer wiken komt de nije cd Hepie&Hepie.nl út. Op dat album stiet ek de nije single. Der is ek in fideoklip fan Us Doarp opnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)