Fûns foar kosten troch fynsten

09 jun 2007 - 12:49

Der komt mooglik in provinsjaal fûns foar kosten troch in argeologyske fynst. Dat stiet yn de jierrekken fan de gemeente Littenseradiel.

Dêr is in provinsjale proef útfierd mei it yn kaart bringen fan terreinen dêr't wichtige saken út it ferline yn 'e grûn sitte, lykas terpen. Mar as je dêr bouwe wolle, ha je mear kosten fanwegen it ekstra tafersjoch dat nedich is. Ek gemeenten soenen jild yn sa'n fûns dwaan moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)