Maatregels tsjin fernieljeugd

08 jun 2007 - 16:50

It jeugdhok yn it sintrum fan De Tynje wurdt ôfbrutsen. De maatregel is nedich om't doarpbewenners al langere tiid kleie oer oerlêst. It giet ûnder oare om fernielerij, yntimidaasje en drugsgebrûk.

It hingplak is mear as tsien jier ferlyn boud yn gearwurking mei de jeugd. It jild kaam not bene fan in priis dat it doarp wûn hie foar in projekt tsjin fandalisme. Praten mei de jeugd hat net holpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)