Wâldwei ticht foar ûnderhâld

© Omrop Fryslân
De Wâldwei is fan acht oere freedtejûn ôf de hiele nacht ôfsletten. It giet om it stik tusken Drachten by de A7 en de ôfslach Ljouwert-Wergea. De dyk is ticht foar ûnderhâld. De bermen wurde meand, it asfalt skjinmakke en de hiele dyk wurdt ynspektearre.
It wurk is nachts sadat de automobilisten der sa min mooglik lêst fan hawwe. Sneontemoarn om acht oere is de Wâldwei wer iepen foar it ferkear.