Op de trekker 11 stêden bydel

08 jun 2007 - 13:53

De Alvestêdetocht foar âlde trekkers lûkt dit jier wer mear dielnimmers as oars. Mar leafst 255 eksimplaren ride mei. De trekkers moatte âlder wêze as boujier 1972 om meidwaan te kinnen.

De tocht duorret twa dagen en hat in súdlike en in noardlike rûte. Freed gie it fan Ingelum oer Snits, Drylts en Wommels werom nei Ingelum. Sneon giet it noardom. Der wurdt riden yn ploegen fan acht, want ien lange optocht soe te gefaarlik wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)