Liemburg stapt net op

Liemburg is net fan doel om op te stappen
Boargemaster Liemburg is lykas de wethâlders net fan doel om op te stappen nei oanlieding fan de bestjoerskrisis yn Littenseradiel. Liemburg seit dat as reaksje op it rapport Elzinga, dat tongersdei ferskynde. Liemburg wol fierder net ynhâldlik op dat rapport reagearje.
It rapport is skreaun yn opdracht fan de gemeenteried, dy't der moandei oer praat. De ried moat no syn konklúzjes mar lûke, sa fynt Liemburg.