Flaters yn Tytsjerksteradiel

08 jun 2007 - 11:14

Tytstjerksteradiel hat flaters makke by it jaan fan hypoteken oan amtners. De gemeente hat him ek net hâlden oan Europeeske oanbestedingsrtegels en de regels foar it jaan fan subsydzje binne net altyd goed tapast. Dat is it oardiel fan de akkountant oer de jierrekken fan de gemeente oer 2006.

Neffens wethâlder Bakker giet it om lytse foarmflaters dy't gau op te lossen binne. De gemeente hat ferline jier 1,7 miljoen oerhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)