Jonges brekke yn yn leech hûs

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemoarn betiid twa ynbrekkers oppakt yn in leechsteande wente oan de Rottumerweg op It Hearrenfean. In frou hie de plysje belle neidat sy hearde dat der ruten ynslein waarden. De jongste fan de twa ynbrekkers (14) fersette him bot by de oanhâlding. De plysje moast hânboeien brûke om him mei nei it buro te krijen. De âldste fan de twa, in 16-jierrige jonge, fersette him net doe't er oppakt waard.