Foarsjennings foar wettersport

07 jun 2007 - 19:54

Wettersporters kinne tenei makliker yn de doarpen oan de Middelseerûte en it achterlân komme. Se kinne no oanlizze oan de Swette, de Boazumerfeart en de Frjentsjerterfeart. Dêr binne fan 't maaitiid foarsjenningen makke.

Wettersporters kinne har fakânsje sa kombineare mei fyts- en kuiertochten. Minsken dy't bygelyks yn Easterwierrum oan de Swette oanlizze, kinne de de toeristyske fytsrûte oer de âlde Slachtedyk dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)