Biowinkelboeren wurkje gear

© Omrop Fryslân
Tweintich Fryske boeren mei in biologyske winkel bundelje de krêften. Troch mei-inoar te gearwurkjen hoopje de boeren mear omset te draaien. Yn de winkels binne biologyske produkten fan de boer sels te krijen, lykas bygelyks suvel, fleis, griente en ierdappels.
It inisjatyf foar de gearwurking komt fan de stifting Waddengroep en de Fryske Biologische Boeren Fryslân, de FBBF. Troch de winkels wurdt de gearwurking folle profesjoneler.