Oerfal op snackbar yn Ljouwert

24 mrt 2012 - 12:12

Der hat freedtejûn in wapene oerfal west op in snackbar oan de Camstrabuorren yn Ljouwert. Twa manlju kamen om healwei tsienen de saak binnen en bedrigen de meiwurker mei in fjoerwapen. De eigener wist de oerfallers it pistoal ôf te pakken en doe binne de manlju fuortgien. Se hawwe neat meinommen.

De warskôge plysje hat mei in plysjehûn socht om de oerfallers, mar de hûn rekke it spoar kwyt by de splitsing fan de Jacob Patijnwei en de Thijs Veenstrawei.

De plysje tinkt dat se dêr mei in skûter of auto fierder gien binne. De plysje ropt minsken dy't wat sjoen hawwe op om har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)