Doting stapt net op

07 jun 2007 - 14:10
  • Franke Doting makket gjin plak foar nije wethâlder
  • Wethâlder Froukje Hermandt

Wethâlder Doting fan Littenseradiel stapt net op. Dat seit er yn reaksje op it rapport oer it gemeentebestjoer fan bestjoerskundige Elzinga. Hy is net fan doel plak te meitsjen foar in oare VVD-wethâlder.

Neffens Elzinga kinne B en W yn 'e besteande foarm net fierder. De oare wethâlder, Froukje Hernamdt, fynt dat ek. Sy hat it gefoel dat se Doting syn wurk derby dwaan moat. De ried praat moandei oer de bestjoerskrisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)