Nije eigen produksje De Lawei

07 jun 2007 - 11:55

De Lawei yn Drachten komt mei in tredde eigen produksje: it Smelner IJspaleis. Der binne audysjes op snoen 30 juny en snein 1 july.

It stik is basearre op it mearke 'De Sneeuwkoningin' fan Hans Christian Andersen. Dat giet oer de jonge Kai dy't troch de sniekeninginne ûntfierd en betsjoend wurdt. Hy kin pas weromkomme as syn freondinne Gerda him fynt en troch har triennen de betsjoening ferbrekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)