Bysûnder transport weechbunker

Fanút Sumar giet sneon in bysûnder transport nei Amsterdam. It giet om in 90 ton swiere weechbunker dy't makke is troch konstruksjebedriuw Visser. It doel is om de weechbunker fan it fêste lân oer te setten op in ponton, sadat it swiere gefal oer it wetter ferfierd wurde kin.
Probleem hjirby is dat der hast gjin kraan is dat sa'n gewicht tille kin en dêrom moast in bedriuw út België ynskeakele wurde om de weechbunker te tillen. It wurk begûn sneontemoarn betiid by Damen Shipyards yn Sumar.
De bedoeling is dat de ponton om healwei twaen hinne ôfset nei Amsterdam.