Fytsrûtes op ynternet

07 jun 2007 - 10:27

Fjirtich frijwilligers hawwe harren oanmeld foar in ynternetprojekt fan it Fytsersbûn. It bûn wol yn gearwurking mei de provinsje in fytskaart meitsje foar op ynternet. Fytsers kinne in begjin- en in einpunt ynfiere en sjen hoelang't de ôfstân is. Foar it meitsjen fan de kaart binne 150 fanatike fytsers nedich dy't fytspaden ynfiere wolle op in spesjale website. Ein dit jier moat de digitale fytsrûteplanner klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)