Spul ûndernimmer en wethâlder

07 jun 2007 - 09:39

Undernimmer Wopke Klaver út Harns fynt dat wethâlder Miedema fan de gemeente Frjensterteradiel him foarliichd hat. Klaver skriuwt dat yn in iepen brief oan de gemeenteried. Miedema soe Klaver tasein hawwe dat er in supermerk begjinne mocht op in lokaasje bûten de rûnwei.

Wethâlder Miedema ûntkent alle beskuldigings en easket dat Klaver syn ekskuses oanbiedt. Neffens Miedema beslút de ried oer it bestimmingsplan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)