Fertocht pakket op it H'fean

07 jun 2007 - 09:06

De Explosieven Opruimingsdienst EOD hat tongersdei oeren dwaande west mei it ûndersykjen fan in fertocht pakket by it CIOS op it Hearrenfean. It gie om in doaze mei in ôffalpûde en tape. In befeiligingsmeiwurker fertroude it net en warskôge de plysje.

De EOD ûndersocht it pakket earst mei in robot en doe't it feilich like troch meiwurkers. Lang om let die bliken dat der neat te rêden wie. Yn it pakket sieten struibrieven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)