Tomke yn it Biltsk

06 jun 2007 - 22:27

De avontoeren fan Tomke binne der no ek yn it Biltsk. It boek 'Tomke en Romke op reis' is oersetten troch de stifting Ons Bildt. Tomke is in projekt fan de Afûk om pjutten oan it lêzen te krijen.

It earste eksimplaar fan de Biltske Tomke is juster presentearre yn de bibleteek fan Sint Anne. Stifting Ons Bildt is dwaande mei Omrop Fryslân om te sjen oft der ek in Biltske fersy fan de tv-Tomke makke wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)