Smitende seehûn op strân

06 jun 2007 - 17:00

Op it Noordseestrân fan Amelân is in seehûn dwaande in jong te smiten. It strân is foar in part ôfsletten sadat it bist yn alle rêst har jong op de wrâld sette kin.

It komt hast noait foar dat in seehûn it strân kiest as plak om in jong te krijen. Dat gebeurt meastentiids op stille sânbanken. Nei alle gedachten is de komst fan it jong de mem oer it mâd kaam, doe 't se oan it jagen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)