Afonso Alves nei Copa America

06 jun 2007 - 14:42

Hearrenfean-oanfaller Afonso Alves makket diel út fan de Braziliaanske seleksje foar de Copa America. Dat is it kampioenskip fan Súd-Amearika. Alves makke ferline wike yn de wedstriid tsjin Ingelân syn debút foar Brazilië.

It toernoai wurdt spile yn Venezuela en begjint op 26 juny. Yn de folsleine seleksje fan Brazilië sitte mar seis spilers dy't ek aktyf wiene op it WK yn Dútslân ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)