Oar jier wer Havendagen Harns

© Omrop Fryslân
De twadde edysje fan de Fryske Havendagen stiet alhiel yn it teken fan de hannelsrelaasje tusken Harns en Skandinavië. De Havendagen yn Harns wurde ien kear yn de fjouwer jier hâlden. Woansdei is it programma bekind makke.
Yn 2004 wie de earste edysje. Dy luts 150.000 besikers, oar jier moatte der 200.000 man komme. Trije grutte windjammers en tal fan Skandinavyske skippen moatte dêrfoar soargje.