Stophoest ferkocht as heroine

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei in Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan it hanneljen yn drugs. De man waard yn syn wenplak oppakt omdat er him fertocht gedroech.
De man hie sân wite en fiif brúne boltsjes by him. Nei kontrôle die bliken dat fiif fan de wite boltsjes fan papier wienen, trije fan de brúne bestienen út stophoest. Yn de oare boltsjes siet wol drugs. De man is fêstset.