Kroanprins by iepening EK
Prins Willem-Alexander sit kommende snein op de tribune by de iepeningswedstryd fan it Europeesk Kampioenskip ûnder de 21. Dat meldt de Telegraaf.
De iepeningswedstryd wurdt spile yn it Abe Lenstra-stadion op it Hearrenfean en giet tusken Jong Oranje en Israël. De prins hat syn komst oankundige by de organisaasje fan it kampioenskip.