Fjouwer Friezen kampioen

© Omrop Fryslân
Fjouwer Friezen waarden tiisdeitejûn kampioen tiidriden fan it distrikt Noard yn Veendam. By de elite-hurdfytsers wie der in folslein Frysk poadium. Kampioen waard Jenning Huizenga fan Frjentsjer. Thomas Wobma fan Boalsert waard twadde, Jan Hendrik Westra fan Oerterp tredde.
Jurjen de Vries fan De Lemmer waard kampioen by de nijelingen, Hanno Zomermaand by de amateurs B en Jan Brander by de masters 50+.