Priis foar direkteur Oerol

05 jun 2007 - 22:11
  • Joop Mulder: Lifetime Achievement Award

Joop Mulder hat tiisdeitejûn yn Rotterdam in ûnderskieding krigen foar syn wurk foar Oerol. Hy krige de Lifetime Achievement Award. Dy wurdt eltse twa jier útrikt, de earste award wie twa jier ferlyn foar Jan Smeets fan Pinkpop.

De betinker fan Oerol krijt de priis omdat hy it festival hieltiid hat witten te fernijen, ynternasjonaal status jûn hat en der it 'Mekka' fan it lokaasjeteater fan makke hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)