Nijpels bliuwt noch wol eefkes

Nijpels: yn alle gefallen noch trije jier
Kommissaris fan 'e Kenninginne Ed Nijpels bliuwt yn alle gefallen noch trije jier yn Fryslân. Ek al hat er ferskate oanbiedings hân foar funksjes yn it bedriuwslibben en oare bestjoersfunksjes. Dat seit er tiisdei foar Omrop Fryslân Televyzje.
Nijpels it sûnt 1999 kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Ien fan de spearpunten fan de provinsjale polityk moat neffens him it fuortwurkjen fan de ûnderwiisachterstannen wêze.