Yllegale feiling nije hjerring

De earste nije hjerring fan Nederlân is tiisdei feild op in yllegale hjerringpartij yn Ljouwert. De dei fan de Hollandse Nieuwe is de offisjele start fan de hjerringferkeap. In Ljouwerter fiskhannel en it WTC hâlden de feiling yn Ljouwert bûten goedkarring fan it Productschap Vis om.
De hjerringparty wie op it skip Frisian Queen mei 150 ûndernimmers. Fan woansdei ôf leit de earste nije hjerring yn de winkels.