A32 ticht fanwege brokstikken

© Omrop Fryslân
De A32 tusken Grou en It_Hearrenfean hat tiisdeitemiddei eefkes ôfsluten west nei in ûngelok. In auto mei in karre derachter wie tsjin de fangrail oankommen. Dêrby foelen brokstikken op de dyk en dy joegen in soad oerlêst foar it ferkear.
Foar it oprêden wie de autodyk in skoftsje ôfsluten. It ferkear is omlaat. De dyk is ûnderwilens al wer iepen, want de grutste oerlêst foar it ferkear is oer.