Mear opsjes op Azeven

Niek Dijkstra mooglik ek nei Azeven
Transport- en oerslachbedriuw Niek Dijkstra ferhuzet mooglik ek nei Drachten. It bedriuw sit no noch yn Bûtenpost, mar sjocht op bedriuweterrein Azeven mear kânsen. Dijkstra hat in opsje op it terrein dêr't ferfierder Koopman út Grinslân komt.
Koatstertille heart ek noch ta de mooglikheden, mar Dijkstra syn foarkar giet út nei Drachten. As dat trochgiet komme der mear minsken te wurkjen.