Seis Friezinnen yn seleksje

Sherida Spitse (foto Martin de Jong)
Seis Fryske froulju binne opnommen yn de seleksje fan de Sportklub Hearrenfean. Dat binne Geertje en Boukje Hiemstra, Atty Eelkema, Brenda Eefting, Stefanie Kortenaar en Sherida Spitse. De folsleine seleksje bestiet út achttjin spylsters.
Hearrenfean is ien fan de seis ploegen dy't fan septimber ôf meidwaan sil oan de earedivyzje foar froulju. De oare clubs binne ADO Den Haach, AZ, FC Twente, FC Utrecht en Willem II.